Famkes Pleats yn Koarnjum is in spesjaal bistepensjon. Eigenaresse Natasja Woudstra wurket der mei minsken mei in beheining. Elk deidiel binne der sa’n 4 oant 6 dielnimmers dy’t harren eigen taak hawwe. Se fine it wurk prachtich En de bisten profitearje, dy krije in soad oandacht!
